Denen fan Waadeilân Fanø op besite op It Amelân

28 apr 2015 - 13:06
  • It Amelân

De besite fan in delegaasje fan it Deenske eilân Fanø oan It Amelân rint nei de ein. Tiisdeitejûn wurdt as ôfskie in Amelanner muzykjûn hâlden foar de gasten.

It Amelân hat in freonkipsbân mei it Deenske Waadeilân. Ferline jier hat in delegaasje fan It Amelân op besite yn Fanø west. Doe hawwe beide gemeentebestjoeren in oerienkomst ûndertekene. Se wolle mear mei-inoar gearwurkje en faninoar leare. No wurdt der praat oer de oerkomsten tusken beide eilannen, lykas toerisme, duorsumens en Wrâlderfguod. De Denen gean woansdei wer fuort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)