Ferkearseksamen op de fyts foar bern groep 7 en 8

28 apr 2015 - 08:55
  • Foar it ferkearseksamen wurde alle fytsen keurd

Learlingen fan groep sân en acht hiene tiisdeitemoarn harren praktyk ferkearseksamen op de fyts. Distrikt Fryslân fan Veilig Verkeer Nederland (VVN) organisearret alle jierren in provinsjale ôftraap, dy't dit jier op De Jouwer wie.

VVN wol mei dizze provinsjale ôftraap ekstra oandacht freegje foar de oergong fan learlingen fan groep 8, nei de brêgeklasse fan it fuortset ûnderwiis. VVN stribbet der nei om, om mei help fan frijwilligers, alle basisskoallelearlingen ien kear ferkearseksamen dwaan te litten.

Underdiel fan it ferkearseksamen is de kontrôle fan de fyts dêr't de bern mei ride. Troch de besunigings is it foar VVN wol lestich om yn alle gemeenten ferkearseksamens te organisearjen. Foarsitter Homme Biemold fan VVN-Fryslân wol besykje om hjir gau ôfspraken oer de meitsjen mei de nije deputearre fan ferkear, sadree't bekend is wa't dat wurdt. VVN-Fryslân freget fierder spesjaal omtinken foar de risiko's fan it brûken fan de smartphone op de fyts. Tagelyk belje of whatsappe en fytse is foar de wet net ferbean, mar smyt wol risiko's op foar de jonge ferkearsdielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)