Drankrider op motor rekket rydbewiis kwyt yn Grou

28 apr 2015 - 08:35

In 67-jierrige motorrider út Warten is yn de nacht fan moandei op tiisdei yn Grou twa kear achterinoar oanhâlden. Hy waard trappearre op riden mei drank op. De plysje sette de man nei in tip fan in tsjûge op de Parkstrjitte oan de kant. Syn rydbewiis waard ynnaam. De man gie dêrnei dochs wer mei de motor de dyk op en waard op 'e nij oanhâlden.

Trefwurden: 
Grou rydbewiis drank motorrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)