Drokte by Vlaggen Centrale yn Dokkum

28 apr 2015 - 07:46
  • Fryske flagge

De Dokkumer Vlaggen Centrale hat it dizze wiken ekstra drok. Moandei al mei Keningsdei en de kommende tiid noch mei 4 en 5 maaie. Dat lêste hat te krijen mei de spesjale feterane-rûte troch Fryslân en de spesjale spandoeken dy't dêr foar makke wurde.

Neffens Jorrit Vlaskamp fan de Vlaggen Centrale smyt it in soad ekstra wurk op, mar kinne se dat mei it besteande oantal meiwurkers opfange.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)