"In minút lang tocht ik dat ik dea gie", Jan Laan yn Nepal

27 apr 2015 - 21:25
  • Jan Laan yn Ghandruk

De earste Fries út Nepal is wer thús. Jan Laan fan Hoarnstersweach wie yn Nepal foar syn wurk foar de stichting Nepal Pariwar. Laan siet op it momint fan de ierdbeving sneon tillevyzje te sjen. De skok dy't sa'n minút duorre, hat grutte yndruk makke op Laan. Syn hotel rûn skea op en hy moast in nacht op strjitte sliepe.

Op it momint dat er weromfleane soe nei Nederlân waard it lân op 'e nij troffen troch in swiere neiskok. Neffens Laan hat benammen dy skok foar in soad deaden soarge.

De ravaazje yn it lân is grut. Op in soad plakken bin huzen ynstoart. It deadetal sil neffens Laan dan ek noch behoarlik oprinne. De Hoarnstersweachster wie foar de 42e kear yn Nepal. Hy moast fuort omdat er hjir operearre wurde moat. Laan fynt dat er de Nepalezen no yn de steek lit. Hy sil it yn it neijier goedmeitsje. Dan giet er op 'e nij nei it lân ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)