Dielnimmers frijmerk entûsjast oer ôffalkonteners

27 apr 2015 - 20:55

Dielnimmers oan de frijmerk moandei yn Ljouwert wiene entûsjast oer de spesjale ôffalkonteners dy't de gemeente Ljouwert yn de stêd delset hie. It wie de bedoeling dat minsken it guod dat se net ferkeapje en net mear meinimme wolle nei hûs ta yn de seekonteners sette. Yn it ferline lieten in soad minsken dat lizze en soarge it foar in binde yn de Ljouwerter binnenstêd.

Meiwurkers fan Omrin hiene oan alle dielnimmers fan de frijmerk plestikpûden útrikt om troep yn te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)