Tsien artysten yn finale Liet 2015

27 apr 2015 - 19:34

Der stean tsien artysten yn de finale fan Liet 2015. Dat binne Jantsje Prosee, Jetz, Marit&Nigel, Twa Span, Anno Nu!, Kreas, Marrit de Vries, Nocht, Tjitte en Ynte Hettema. De sjuery selektearre de dielnimmers út twa foarrondes ûnder foarsitterskip fan Sjoerd Bootsma. It bestjoer fan Liet is tefreden oer de kwaliteit. De finale fan Liet wurdt healwei septimber holden. De winner fan Liet giet nei Liet International.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)