Lintsje foar Harnzer Sjoerd Ybema

27 apr 2015 - 15:57
  • Lintsje

Sjoerd Ybema hat moandei in lintsje krigen. De Harnzer is riddere. Om't er freed mei de lintsjerein noch yn it bûtenlân seit, wie de útrikking ferpleatst. It wie lykwols in feest mei in swart rantsje.

Ybema krige de ûnderskieding ûnder oaren foar it wurk dat hy al mear as 40 jier docht yn Nepal, it lân dat dit wykein rekke waard troch de swierste ierdbeving yn goed 80 jier. Ybema wit noch hieltyd net hoe't it mei syn kontakten yn Nepal is. De Harnzer set him yn foar ferskate ûnderwiisprojekten yn Nepal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)