Fryske stichting yn aksje foar Nepal

27 apr 2015 - 15:53

De Fryske bestjoersleden fan de Stichting Studenten en Musaharproject Nepal komme tiisdei werom nei Nederlân. Corry en Bote Nicolay fan It Hearrenfean en Jan Houter fan Flylân wiene op it momint fan de swiere ierdbeving fan sneon yn Nepal yn de haadstêd Kathmandu.

De bestjoersleden rekken net ferwûne, mar ha wol in pear dagen op strjitte sliept yn ferbân mei neiskokken. Se binne no op it fleanfjild fan Kathmandu. Dêr is it in gaos, omdat in soad minsken Nepal ferlitte wolle.

It Musharproject wol no in jild-ynsammelaksje op tou sette foar it troffen gebiet. De stichting hat as doel om kânsearme bern studearje te litten. Doel is dat de studinten dy't de stichting stipet sa gau as mooglik de tried wer oppakke kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)