Keningsdei yn Ljouwert lûkt tsientûzenen minsken

27 apr 2015 - 14:50

Yn de binnenstêd fan Ljouwert is it smoardrok yn ferbân mei Keningsdei. Op it Saailân, de Nijstêd en de Foarstreek binne tsientûzenen minsken oanwêzich foar de frijmerk en tal fan oare aktiviteiten.

De gemeente Ljouwert lit witte dat noch hieltyd minsken nei de stêd ta komme. Dat hat foaral te krijen mei it moaie waar. De sfear yn de stêd is goed neffens de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)