Friezen yn noed oer Nepal nei swiere ierdbeving

27 apr 2015 - 14:27
  • Nepal ierdbeving

By tal fan Fryske helporganisaasjes dy't ferbûn binne mei Nepal, is grutte spanning dizze dagen. Sneon waard it lân troffen troch in swiere ierdbeving, mei in krêft fan 7. 8 op de skaal fan Richter. Oant no ta binne sa'n 3.700 deaden teld. It is dreech om kontakt te krijen mei it lân.

Ek it bestjoer fan de Fryske stichting Nepal Pariwar fan Ben en Corrie van der Meer hat gjin idee hoe't it is mei har minsken en projekten yn Nepal. De famylje út Jelsum rekken 15 jier lyn yn de besnijing fan Nepal, nei in fakânsje.

Mei in groepke Friezen rjochten sy de helporganisaasje Nepal Pariwar op. Se bouwe skoallen en húskes, soargje foar ûnderwiis oan goed 50 bern en jouwe ûnderdak en les oan in groep bline Nepalezen. Dy skoallen en projekten binne op 150 kilometer fan de haadstêd Kathmandu en op mar 80 kilometer fan it episintrum fan de ierdbeving.

Noch mar wiken lyn wiene Ben en Corrie sels noch yn Nepal om it 15-jierrich bestean fan har stichting te fieren. De kommende dagen hoopje Ben en Corrie mear te witten te kommen fan de sitewaasje yn Nepal. Fêststiet dat se troch wolle mei har wurk, ek as der skea is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)