Koarte brân yn wenhûs yn Frjentsjer

27 apr 2015 - 11:49

Yn in wenning oan de Schoener yn Frjentsjer hat moandeitemoarn koarte tiid brân west. De brân ûntstie op ien fan de sliepkeamers. Buorlju seagen reek út it hûs kommen en warskôgen de brânwacht. Om't de bewenners net thús wiene, hat de brânwacht de foardoar iepenbrutsen. Dêrnei hiene se it fjoer gau ûnder kontrôle.

Net ien rekke ferwûne en de skea falt ta.

Trefwurden: 
Frjentsjer brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)