Klanten fan Snitser Albert Heijn krije skok fan winkelkarre

27 apr 2015 - 10:20

Klanten fan de Albert Heijn oan de Middelseeleane yn Snits krije soms in statyske skok as se in winkelkarke oanreitsje. Dit soe yn ferskate supermerken yn it lân in probleem wêze, mar yn Snits ha se no ûntdutsen wêr't it troch komt.

De karkes binne krekt nij en de tsjillen binne sa goed isolearre dat dy gjin stroom ôffiere. Troch it riden wurde de karkes hieltyd in bytsje laden mei statyske elektrisiteit. De leveransier komt woansdei nei Snits om de karkes te ierdzjen. Klanten krije it advys om sa no en dan tsjin in stelling oan te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)