Plysjes moatte oan kant springe foar ridende auto

27 apr 2015 - 10:10

Yn Ljouwert moasten plysjes sneintenacht foar in auto oan de kant springe. De plysje wie ôfkaam op in melding dat in auto gefaarlik ried yn it fuotgongersgebiet yn in sintrum. Doe't de plysje kaam, seagen se in auto ried hurd achterút riden troch de Doelestrjitte sûnder de ljochten oan.

De bestjoerder reagearre net op sinjalen fan de plysje. Doe't de auto letter oanhâlden waard, naaiden trije mannen út. Twa koenen oppakt wurde, in 21-jierrige Grinzer en in 19-jierrige man út Ternaard.

Nei de tredde ynsittende wurdt noch socht. De plysje docht ûndersyk wa't de auto bestjoerd hat.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)