Brân yn opslachhok fan bôgesjitters yn Dokkum

27 apr 2015 - 07:48

Tûzenen euro's skea hat bôgesjittersklup Boreas út Dokkum nei't har opslachhok oan de Parklaan sneintejûn ôfbaarnde. De klup wie net fersekere. Yn de keet lei al it spul dat nedich is foar in bôgesjittrening, lykas bôgen, blazoenen en sjitskiven fan strie. Troch it strie koe de brân maklik útslaan. Neffens bestjoerslid Johan Lageman fan Boreas is der earst ynbrutsen yn it hok, foardat it yn de brân stutsen is.

De kommende tiid kinne leden fan Boreas telâne by bôgesjitferiening Nocht en Wille fan Burdaard.

Boreas hopet dat se harren opslachhok op deselde lokaasje werom krije kinne, achter it Dockinga College. Of dat slagget is noch mar de fraach. It plak waard min ofte mear tastien troch de gemeente Dongeradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)