Undersyk nei brûken fan wetter

26 apr 2015 - 17:04

Fiifhûndert húshâldens yn Fryslân wurde de kommende wiken befrege oer harren kennis en it brûken fan wetter. It ûndersyk, dat útfierd wurdt troch studinten, is in inisjatyf fan de Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân, de provinsje en wetterbedriuw Vitens.

De studinten sille de minsken ûnder oare freegje om ferhalen oer wetter te fertellen. Oan de hân dêrfan wurde fragen steld. Doel dêrfan is om te witten te kommen hoefolle oft minsken no echt witte oer it wetter dat út de kraan komt en de suvering fan wetter.

Op basis fan de útkomsten fan it ûndersyk moat de foarljochting ferbettere wurde. Nei de simmer moatte de risseltaten bekend wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)