Weening bêste Nederlanner yn Luik: 14e

26 apr 2015 - 16:54

Pieter Weening is as fjirtjinde einige yn de klassiker Luik-Bastenaken-Luik. Dêrmei einige er as bêste Nederlanner. De koers waard wûn troch Alejandro Valverde. De Spanjerd wûn de sprint yn in lytse kopgroep en bleaun Julian Alaphilippe en Joaquim Rodriguez foar.

Weening einige sa'n tweintich sekonden efter de kopgroep. Bauke Mollema fan Ljouwert en Tom-Jelte Slagter fan Nij Beets stelden teloar en eindigen efter Weening. Mollema einige as 35e en Slagter as 44e.

De oare Nederlanners, Dumoulin (25e) en Kelderman (37e), kamen der ek net oan te pas. Ferline jier einige Weening as 34e, mar wie er belangryk foar syn ploechmaat Gerrans, dy't de Belgyske koers úteinlik wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)