Bouwmeester teloarstellend sechsde by wrâldbeker

26 apr 2015 - 16:06

Marit Bouwmeester is snein teloarstellend as sechsde einige by de wrâldbekersilen yn it Hyères. De sylster fan Warten einige yn de medaljerace yn de Laser Radial as ien-nei-lêste en njoggende. Dêrmei sakke se úteinlik yn it einklassemint noch fan it fyfde nei it sechsde plak. Pieter-Jan Postma helle de medaljerace net en einige teloarstellend as 11e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)