Snits Wyt Swart kampioen fan de haadklasse

26 apr 2015 - 15:53

Snits Wyt Swart BOSO Snits is kampioen wurden fan de haadklasse. Troch in 6-0 oerwinning op De Bataven binne de Snitsers mei noch twa wedstriden te gean al kampioen fan de sneinshaadklasse.

Erolind Derguti brocht Snits Wyt Swart fiif minuten foar rêst op 1-0. Krekt foar rêst besliste Sean de Ruiter de wedstriid eins al troch de 2-0 te meitsjen. Derguti makke krekt nei rêst syn twadde, lykas De Ruiter dat yn de 64ste minút die. Age Hains Boersma brocht de einstân mei twa goals op 6-0.

Yn 2012 waard Snits Wyt Swart ek kampioen fan de haadklasse, mar degradearre de ploech nei ien seizoen al wer út de topklasse.

FVC wie ferline wike al wis fan degradaasje en kaam yn Huissen yn aksje tsjin RKHVV. It ferlear mei 5-3.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)