Topkok dielt lekkere hapkes út yn kleanwinkel

26 apr 2015 - 15:52
  • Topkok Jan Smink yn winkel yn Wolvegea

Yn in winkel yn Wolvegea dielde in topkok sneon lekkere hapkes út. Yn kleanwinkel Boersma mocht Wolvegeaster topkok Jan Smink de klanten bedjerre mei lekkernijen.

De winkel is noch net sa lang ferlyn útroppen ta leukste winkel fan Fryslân. Om wat werom te dwaan foar de klanten wurde allegearre aktiviteiten organisearre yn de winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)