Toanielstik Skippersbitter yn premjêre

26 apr 2015 - 15:40
  • Skippersbitter

In skûtsje mei in teater yn it rom giet de kommende tiid de provinsje troch mei de foarstelling Skippersbitter. It stik is sneon yn Grou yn premjêre gien. De foarstelling is 'adoptearre' troch de SKS dy't dit jier 70 jier bestiet.

Skippersbitter wurdt spile troch Harmen Brouwer en syn omke Bert Sinnema. Sinnema is ek de skriuwer fan it ferhaal. Harmen wennet en wurket oan board fan it skûtsje. Hy is bemanningslid fan it Drachtster skûtsje.

Skippersbitter giet oer Hylke en Sjoerd, twa manlju út in skippersfamylje. Se treffe inoar by in skûtsjesylwedstriid op 'e Lemmer. De twa generaasjes jouwe elk har eigen fyzje op de skûtsjesilerij fan doe en no. Se groeie troch harren ferhalen stadichoan nei-inoar ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)