Wettertaksy foarsjocht yn ferlet

26 apr 2015 - 11:47

De wettertaksy nei It Amelân en Skiermûntseach bestiet fiif jier. Hieltyd mear minsken meitsje gebrûk fan de speedboat, dy't yn goed tsien minuten de oertocht nei de eilannen makket. Ferline jier gie de wettertaksy trijetûzen kear nei de eilannen.

Om it earste lustrum te fieren, mochten de bern fan de basisskoallen op it Amelân en Skiermûntseach dit wykein eefkes mei de wettertaksy de Waadsee op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)