Veganstreaker oppakt by bollefjochterij yn Spanje

26 apr 2015 - 11:42

Veganstreaker Peter Janssen út Fryslân is oppakt yn Spanje. Hy waard skopt en slein yn Sevilla yn in arena foar bollefjochterij. Dêr wie ien fan de grutste bollefjochterijen fan it jier oan de gong. Janssen sprong yn de arena op in krekt deamakke bolle. Doe't befeiligers him dêr ôfhelje woene, mishannelen se him. Dêrby rekke Janssen licht ferwûne.

Janssen fiert al jierren aksje tsjin bisteleed yn arena's. Dizze aksje wie benammen rjochte tsjin Canal Plus dy't sokke wedstriden streekrjocht op tv útstjoert.

It is net de earste kear dat veganstreaker Peter Janssen oppakt is. Ferline jier barde dat ek alris. Doe waard er troch de rjochter feroadiele ta in boete. Veganstreakers ferskine op drokke plakken yn ûnderbroek om omtinken te freegjen foar bistewolwêzen en bisterjochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)