Keningsdei meast droech en wat sinneskyn

26 apr 2015 - 11:07

Keningsdei liket in kâldere dei te wurden, mar it bliuwt foar it grutste part droech. Yn de nacht nei Keningsdei klearret it op. Minsken dy't de nacht oer op strjitte sitte om it frijmerkplak beset te hâlden, krije miskien in buike op de holle. It waait net al te hurd en mei 4 of 5 graden is it net al te waarm.

Op Keningsdei sels is it meast droech waar en komt de sinne derby. It wurdt net waarmer as 11 of 12 graden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)