Djoer puntferlies foar Harkemase Boys yn Rijssen

25 apr 2015 - 16:40

Harkemase Boys ferspile sneon djoere punten yn de striid om it kampioenskip. Yn Rijssen ferlearen se mei 1-0 fan konkurrint Excelsior '31. Al nei 4 minuten kamen de Boys op efterstân. Yn de 21e minút krige Henny Bouius in grutte kâns nei in foarset fan Jesse Renken, mar syn skot gie oer. Oebele Schokker rekke mei in frije traap noch de peal.

Nei rêst besocht de ploech fan trainer Jan Vlap wat te dwaan oan de efterstân, mar it slagge syn ploech net de lykmakker op it boerd te setten. Dêrtroch sakket Harkemase Boys nei it tredde plak.

Takom wike stiet de topper tsjin DVS '33 op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)