Dokterswacht set ekstra minsken yn fanwege lang wykein

25 apr 2015 - 13:44

De Dokterswacht Fryslân ferwachtet de kommende dagen ekstra drokte fanwege it lange wykein. Keningsdei falt op in moandei en húsdokters hawwe op dy dei frij. De Dokterswacht set dêrom mear personiel yn en hâldt ekstra auto's achter de hân om by minsken op húsbesite te kinnen.

Mooglik dat minsken dy't mei de Dokterswacht belje, langer wachtsje moatte foardat se ien foar de telefoan krije, warskôget de helporganisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)