Iepenloftbaden wer iepen foar swimmers

25 apr 2015 - 13:22
  • De Sawn Stjerren yn Hallum

Rûnom yn de provinsje iepenje iepenloftswimbaden de doarren. Mar it wurdt hieltyd dreger om sokke swimbaden iepen te hâlden. Subsydzjes wurde minder en der wurdt faker in berop dien op frijwilligers. Dochs hawwe de iepenloftswimbaden noch besteansrjocht, sizze se yn Hallum. Dêr komme alle jierren 40-tûzen minsken. Op it stuit wurdt der in ûndersyk dien nei de kosten fan grut ûnderhâld. Nei oanlieding dêrfan wurde der de kommende tiid ferskate ynsammelaksjes op tou set yn en om Hallum hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)