Nij multyfunksjoneel sintrum iepene yn Minnertsgea

25 apr 2015 - 12:48
  • Nij multyfunksjoneel sintrum yn Minnertsgea
  • De sportseal is de grutste seal

Yn Minnertsgea giet sneon lang om let it nije multyfunksjonele sintrum iepen. Der is sân jier oer praat. De grutste romte is in sportseal dy't ûnder mear brûkt wurde kin foar follybal en gymnastyk. Mar yn de seal kinne begelyks ek bands spylje. Der is boppedat romte foar keatsen en fuotbal.

It doarpshûs en in fysioterapeut sitte ek yn it nije gebou. De organisaasje hopet dat se alle ferienings fan it doarp yn nije sintrum krije.

It nije doarpsgebou giet sneontemiddei iepen. Om ien oere is der in optocht en om twa oere wurdt de namme bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)