Drugs en munysje yn de auto, man oppakt

25 apr 2015 - 11:27
  • Drugs

In 33-jierrige man út Ljouwert is freedtemoarn oppakt foar drugs. De man lei op de achterbank fan in auto oan de Tynjedyk. Doe't de plysje dy kontrolearre, fûnen se yn de auto ark, elektrisiteitskabels, harddrugs en munysje. It guod is yn beslach naam en de Ljouwerter is oanhâlden. Yn de auto lei noch in twadde man te sliepen. Hy hie neat misdien en gie frijút.

De auto dêr't de manlju yn leine, wie net fan harren. By kontrôle fan it kenteken die bliken dat de eigener in betellingsachterstân hie by de belestingtsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)