Man (30) bedriget en slacht frou (18) yn kafee yn Ljouwert

25 apr 2015 - 10:22

In 30-jierrige man út Assen is yn de nacht fan freed op sneon oppakt oan it Ruterskertier yn Ljouwert foar it lestich fallen fan in frou en bedriging fan in plysjeman. De Assener hie de frou fan 18 jier yn in kafee útskolden en slein. Wêrom't er dat die, is net bekend.

Doe't plysjeminsken de man oppakke woene, is ien fan harren troch de fertochte bedrige. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)