Marit Bouwmeester klimt, Pieter-Jan Postma sakket in bytsje

24 apr 2015 - 22:23

Marit Bouwmeester hat op de tredde dei fan it silen om de wrâldbeker yn Frankryk in sprong yn it klassemint makke. Yn Hyères wûn de Wartenster de fiifde race en waard se yn har Laser Radial fiifde yn wedstriid seis. Yn de tuskenstân stiet Marit no achtste. Pieter-Jan Postma sakke yn it klassemint fan it tredde nei if fiifde plak. De Finn-siler waard 18e en 22e. Snein is yn alle klassen de medaljerace.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)