Ald-SKS-foarsitter Alex Brinksma ferstoarn

24 apr 2015 - 19:21

Ald-SKS-foarsitter Alex Brinksma (85) is woansdei ferstoarn. Brinksma hat 23 jier lang foarsitter west fan de SKS, fan 1970 oant 1993. Hy wie in man fan de tradysjes yn it skûtsjesilen. Hy hie altyd in soad kontakt mei de skippers fan de SKS, ek bûten it seizoen om.

Brinksma wie foar syn foarsitterskip fan de SKS belutsen by de oprjochting fan de Kommisje-Hearrenfean. De lêste jierren kaam Brinksma net folle mear by SKS-wedstriden. Hy wie teloarsteld om't der in soad fernijings yn de SKS wienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)