Otterspoaren fûn yn beboude kom fan Ljouwert

24 apr 2015 - 18:22

Yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd binne otterspoaren fûn. It is foar it earst yn jierren dat de otter wer binnen de beboude kom fan Ljouwert west hat. Meiwurker Harrie Bosma fan Wetterskip Fryslân hat de otterspoaren ûntdutsen.

De otter is nei alle gedachten fanút it Wielengebiet nei de stêd ta kaam. Yn dat natuergebiet libje mear otters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)