Sineeske delegaasje bringt besite oan Willemshaven yn Harns

24 apr 2015 - 16:48

In delegaasje Sinezen út de miljoenestêd Tianjin hat freed in wurkbesite brocht oan de Willemshaven yn Harns. Yn Sina is op it stuit driuwend ferlet fan fisk út it bûtenlân. Troch de groeiende fraach rinne de prizen foar fisk dêr hurd op.

De gemeente Harns wol graach mear bedriuwen yn de fisksektor nei de stêd talûke. Sa is der yn de haven genôch romte foar bygelyks fiskferwurkers.

De delegaasje bestiet út meiwurkers fan in Sineesk havenbedriuw. Wethâlder Le Roy krige in soad fragen fan harren.

Sa kamen der fragen oer de fasiliteiten yn de haven, miljeufreonlik wurkjen en it type fisk dêr't op fiske wurdt.

Trefwurden: 
Harns Sina fisk Willemshaven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)