Marsum lêst fan slûpferkear troch wurksumheden oan de Heak

24 apr 2015 - 16:03

Bewenners fan Marsum hawwe sûnt in pear dagen te krijen mei slûpferkear troch it doarp. Spotters fan de Frisian Flag ride troch Marsum hinne om by de spottersbulte te kommen. Fierder wurde guon op- en ôfritten oan de Heak om Ljouwert by Marsum asfaltearre.

It ferkear wurdt mei buorden oer de rykswei omlaat, mar in soad automobilisten kieze foar in eigen rûte troch Marsum hinne. Yn it doarp sels wurdt lykwols ek wurke oan de Bokmasingel.

Dat soarget foar gefaarlike situaasjes yn it doarp. Freedtemoarn ride der al in streekbus tsjin in wenhûs oan, doe't de sjauffeur it juste paad net fine koe. Doarpbewenners fine dat de wurksumheden better op inoar ôfstimd wurde moatte hienen.

De provinsje lit witte dat de bebuording goed regele is, mar dat guon minsken de oanwizings net opfolge hawwe. Freedtejûn binne de asfaltwurksumheden by de Heak klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)