Brantsje by meganisaasjebedriuw yn Wytmarsum

24 apr 2015 - 15:16

By in meganisaasjebedriuw oan de Arumerwei yn Wytmarsum hat freedtemiddei brân west. De flammen kamen út it dak. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Nei alle gedachten is de brân ûntstien yn it ôfsûchsysteem.

Hoe grut oft de skea krekt is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)