Wethâlder: Mar bytsje gas fan minne kwaliteit ûnder Skylge

24 apr 2015 - 14:34

Der sit mar foar fjouwer moannen oan gas ûnder Skylge en it is ek nochris fan minne kwaliteit troch in heech CO2-gehalte. Dat seit wethâlder Hendrik van der Wielen fan Skylge. Hy tinkt dat de winningsplannen foar it Waadeilân allinnich mar fuortkomme út it feit dat der yn Grinslân minder gas wûn wurde mei.

Van der Wielen is benaud dat de opbringst fan eventuele boarrings minimaal is, wylst de skea oan it miljeu grut wêze sil.

Miljeudefinsje seit dat it gas by Skylge hielendal net nedich is. Neffens de organisaasje binne der genôch alternativen. Minister Henk Kamp is lykwols noch hieltiten fan doel om dizze simmer in beslút te nimmen oer de fergunningsoanfraach fan Tulip Oil. Dy wol yn 2016 begjinne mei gasboarrings. De Twadde Keamer stimt kommende tiisdei oer in moasje fan de Partij van de Dieren om it beslút oer de boarrings op Skylge út te stellen. Foar de moasje liket in mearderheid te wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)