Cambuur begjint mei Steblecki en Pereira yn de basis

24 apr 2015 - 14:29

Cambuur begjint snein de útwedstriid tsjin FC Dordrecht mei Sebastian Steblecki yn de basis. Steblecki ferfangt Erik Bakker op it middenfjild. Ek Marlon Pereira komt oan de ôftraap yn Dordrecht. Hy ferfangt Wout Droste as rjochterfleugelferdigener. Trainer Henk de Jong kin gjin berop dwaan op Mart Dijkstra en Michiel Hemmen. Dijkstra hat lêst fan syn tean, Hemmen fan syn rêch.

Foar trainer Henk de Jong is it de lêste wedstriid as haadcoach fan dit seizoen. De Drachtster ûndergiet nei de wedstriid tsjin Dordrecht in knibbeloperaasje.

Assistint-trainer Sandor van der Heide wurdt de einferantwurdlike trainer yn de lêste kompetysjeduels tsjin Ajax op 10 maaie en Willem II op 17 maaie. Cambuur stiet op dit stuit achtste yn de earedivyzje. FC Dordrecht stiet 18e en lêste en is al degradearre.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)