Kamp: gaswinning Skylge noch net fan de baan

24 apr 2015 - 12:25

Minister Henk Kamp fan ekonomyske saken sil yn alle rêst sjen nei gaswinning by Skylge. Yn reaksje op de oprop fan in mearderheid fan de Twadde Keamer om foarearst gjin boarrings ta te stean seit Kamp freed dat er de regels mei soarch tapast. Mar de minister seit der by dat Nederlân wol gas nedich hat.

Earder kearde de Twadde Keamer him al tsjin it winnen fan skalygas en moast de gaskraan yn Grinslân foar in part ticht. De Twadde Keamer wol dat Kamp wachtet mei in beslút oer Skylge oant der in nije enerzjyfyzje fan it kabinet leit.

It bedriuw Tulip Oil hat in fergunning oanfrege om fan ein 2016 ôf nei gas te boarjen op en by Skylge. Miljeudefinsje seit yntusken yn in reaksje dat it gas by Skylge hielendal net nedich is. Neffens de organisaasje binne der genôch alternativen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)