Húns en Leons mei-inoar ferbûn troch fytstunnel

24 apr 2015 - 12:18
  • Der wurdt al drok gebrûk makke fan de nije fytstunnel fan Húns
  • Fytsers en kuierders kinne no wer feilich fan Húns nei Leons...

Hast 30 jier wiene de twillingdoarpen Húns en Leons fan inoar skieden troch de provinsjale autodyk Ljouwert-Boalsert. Mei it drokker wurden fan it ferkear waard it hieltyd gefaarliker om fan it iene nei it oare doarp te kommen. Benammen foar bern ûnderweis nei skoalle wie it bytiden dreech om oer te stekken.

Oan dy gefaarlike sitewaasje is no in ein kaam troch de oanlis fan in nije fytstunnel. Der is moannen oan wurke. Freedtemoarn waard de tunnel feestlik iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)