Meiprate oer de nije boargemaster fan De Fryske Marren

24 apr 2015 - 11:20

Ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren kinne meiprate oer watfoar boargemaster se ha wolle. Se kinne oanjaan wat der yn de profylskets komme moat neist wat der no al yn stiet. Ynwenners kinne oant 8 maaie reagearje op de website. De gemeenteried hat sein dat se in stevige, ûnôfhinklike en autentike boargemaster siket, dy't de gemeente goed op de kaart sette kin.

De boargemaster moat boppedat nijsgjirrich wêze en fyzje en ambysje ha. Fierder is de boargemaster belutsen en benarderber.

In spesjale kommisje sil de suggestjes fan de ynwenners besprekke en op 20 maaie foarlizze oan de gemeenteried.

Sjoch op de website fan De Fryske Marren foar mear ynformaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)