UNIS Flyers sil net meidwaan oan Dútske kompetysje

24 apr 2015 - 10:53

Iishockeklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean docht takom seizoen dochs net mei oan de Dútske kompetysje. Earder dit seizoen woene de Flyers noch wol mei Tilburch oerstappe nei de Oberliga. De Nederlânske kompetysje soe te swak wêze. Foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers stelt dat de rânebetingsten om oer te stappen net goed binne. It Dútske Bûn jout te min dúdlikens oer de opset fan de Oberliga.

Dêrneist wurdt de oerstap te djoer, omdat de Flyers mooglik ek nei Berlyn, Rostock en Leipzig reizgje moatte soene.

No't de klup trochgiet yn de Nederlânsk-Belgyske kompetysje, sil de lieding bot ynsette op de jeugdoplieding. Foarsitter Hoekstra hopet takom jier op in begrutting fan 325.000 euro. De klup wol ien ton útlûke foar de jeugdoplieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)