Hearrenfeanster bedriget portier mei in mes

24 apr 2015 - 10:29

De plysje hat tongersdeitenacht in 22-jierrige man út It Hearrenfean oanhâlden foar bedriging. De man foel op de Alde Komerke minsken lestich, bedrige de eigener fan in hoarekagelegenheid en sloech in portier. De portier waard boppedat mei in mes bedrige.

De man is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst foar fierder ûndersyk. It mes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
mes bedriging portier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)