Dokkumer Kafee De Bastille twa wike ticht

24 apr 2015 - 10:12
  • Tsjoch!

Kafee De Bastille yn Dokkum moat fan freed ôf twa wike tichtbliuwe. Dat hat boargemaster Marga Waanders besletten nei oanlieding fan klachten oer lûdsoerlêst en ek omdat der alkohol oan minderjierrigen skonken waard. Ferline wike waard der boppedat drugs fûn yn it kafee.

De útbater fan it kafee hat no twa wike de tiid om mei in plan fan oanpak te kommen om de oerlêst tenei foar te kommen en syn saak op in feilige wize te eksploitearjen. Op basis fan dat plan beslút de boargemaster oft it kafee wer iepen kin of langer tichtbliuwe moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)