Streekbus botst tsjin hûs yn Marsum

24 apr 2015 - 08:33

By in ûngelok op de krusing fan de Rypsterdyk en de Skoallestrjiite yn Marsum is freedtemoarn in streekbus fan Arriva tsjin in hûs riden. By it ûngelok is ien passazjier lichtferwûne rekke. It giet om lijn 97 dy't ûnderweis wie nei it stasjon yn Ljouwert. Der sieten sa'n 30 passazjiers yn de bus.

De skea oan it hûs en de bus liket ta te fallen. Wol binne de ruten fan de bus stikken. De dupearre reizgers binne fierder ferfierd mei in oare bus. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)