Harns optimistysk oer fuortgong havenbedriuw Willemshaven

24 apr 2015 - 00:00

De gemeente Harns is optimistysk dat der ynkoarten in eksploitant fûn wurdt foar it havenbedriuw yn de Willemshaven fan Harns. Dat seit wethâlder Maria Le Roy op basis fan de belangstelling foar de rinnende oanbesteging. It selsstannich meitsjen fan it havenbedriuw is ien fan de pylders foar de renovaasje fan it âlde havengebiet. Oare yn it each springende saken binnen in mobile oanlissteiger foar grutte cruiseskippen, de bou fan in kwalitatyf heechweardich fiskrestaurant en de ûntwikkeling fan de Nova Zembla experience.

Dit is in publyksattraksje op basis fan de ûntdekkingsreis fan Willem Barendtsz nei Nova Zembla. Ek dêr wurdt hurd oan wurke. Mar hoe't it krekt komt is noch ûndúdlik. De gemeente organisearre tongersdeitejûn foar belangstellenden in rûnlieding troch it havengebiet om de lêste stân fan saken te fertellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)