Marit Bouwmeester 14e yn klassemint en Pieter-Jan Postma 3e

23 apr 2015 - 23:22

Marit Bouwmeester hat har by de wrâldbekerwedstriden yn it Frânske Hyères net hersteld fan de earste dei. By de tredde en fjirde wedstriid einige de sylster út Warten as 14e en 10e. Dêrtroch stiet se no op it 14e plak yn it klassemint yn de Laser Radial. Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat goeie saken dien op de twadde dei. Hy waard 9e en 2e yn de races fan tongersdei en stiet op it tredde plak yn de tuskenstân. Oant en mei snein wurdt der syld yn Hyères.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)