Algemeen Belang Dongeradeel wol ôf fan Frysk op ynfobuorden

23 apr 2015 - 21:57

Algemeen Belang Dongeradeel ropt it kolleezje fan b. en w. yn dy gemeente op om de tekst op de ynformaasjebuorden yn de regio yn it Nederlânsk te dwaan. Neffens de partij binne de Fryske teksten, dy't no op buorden stean, foaral foar de toeristen in drompel om nei it gebiet by Dokkum te kommen.

Mei de tekst yn it Frysk fynt Algemeen Belang Dongeradeel dat de toeristen op dizze wize foarby gean oan de moaie saken dy't Dokkum en de regio te bieden hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)