Thialf en KNSB tekenje oerienkomst

23 apr 2015 - 19:27
  • Thialf foar de ferbouwing

Thialf en de KNSB tekenje yn maaie in gearwurkingsoerienkomst. Dêrmei liket de kjeld út de loft tusken it iisstadion en it reedridersbûn. De ferhâlding wie ferkuolle neidat Thialf ferplichte wie om mei te dwaan yn in race om ít iisstadion fan Nederlân te wurden.

Yn de oerienkomst krijt Hearrenfean in belangrike posysje foar it Nederlânske topreedriden mei garânsjes foar ynternasjonale wedstriden. Dat de KNSB it WK allround yn 2018 yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam hâlde wol, sjocht Thialf-direkteur Eelco Derks net as bedriging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)