Astana behâldt Wrâld Toer lisinsje

23 apr 2015 - 18:43

De Kazakske hurdfytsploech Astana behâldt syn lisinsje foar de Wrâld Toer, mar bliuwt ûnder strang tafersjoch stean. De ynternasjonale hurdfytsorganisaasje UCI soe dat neffens ferskate media besletten ha. Ien fan de hurdfytsers yn dy ploech is Lieuwe Westra. De UCI drige Astana fuort te heljen út de grutte koersen, mei omdat it anty-dopingbelied net oerien kaam mei it byld dat de ploech jûn hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)